Back to Top



LOLKE HEIDA
 
Lolke Heida (1904-1989)



Oantinken oan de Befrijing fan Gersleat

Door Siebren L. Heida

GERSLEAT - It is sneon 14 april 1945. It is prachtich moai sinneskyn waar. Mei ús heit, Lolke Heida (1904-1985) stean ik ynfg de Gersleatster Polder foar hûs. Net om te genietsjen fan it moaie waar, mar om te hearren nei it sjitten fan ôf Gersleat. De befrijjing is yn sicht, mar dit heart driigjend!

Heit makket him soargen. Pake, Siebren A. Heida (1871-1947) wennet mei húshâldster Ytsje Knevelman en lytse Joukje yn Gersleat, flak njonken it tsjerkhôf. Wêr soenen se wêze; hoe soe it mei harren beteare. Letter op ‘e dei begûn it wat rêstiger te wurden. Heit pakte it fytske om gewaar te wurden hoe it mei harren wie. Earst ris sjen op ‘e wei nei de Deelen; dat op nei Kafee Beetstra, letter Ebbelaar.

 PAKE SIEBREN
Pake Siebren A. Heida (1871-1947)


Dat liket dêr net sa bêst. De buorkerij fan Wieger Pel is yn brânsketten; Aukje syn frou is wûne rekke. De Kanadezen wienen dêr ek. Se hienen lêst fan it ferbiningskanaal dat der groeven wie tusken de feandistrikten, om sa it hege wetter as it wat woe, kwyt te wurden. Doe net Gersleat. Gelokkich it hûs fan syn heit stie der noch! Mar doe ’t er de doar iepen die, stie er tsjinoer in oantal wapene Dútskers dy ’t harren dêr ferskânze hienen! ‘Was machst du hier?’ Sa goed as er koe makke heit dúdlik dat er op siik wei nei syn heit. De hannen moasten omheech en hy waard fûllearre; fansels fûnen se neat bysûnders. Na ja, in stik of wat hulzen fan munysje, dy ’t er krekt by de Deelen fûn hie. Moai foar de bern no? Doe mocht heit fuort gean. No dat liet er him gjin twa kear sizze. Gau op it fytske en de Polder yn. Doe ’t er krekt op de Tynjewei wie, waard der op him sketten. Hienen de Dútskers harren faaks betocht do ’t se seagen dat er rjochting de Deelen gie, dêr’t de Kanadezen noch wienen? Nei in pear misse rs waard heit rekke yn syn linker boppe skonk. Heit liet him falle en kroep yn ‘e barm fierder. Mar de barm rint net sa bot of, dat as er mar in bytsje omheech kaam, waard wer op him sketten. Dat gie troch oant er likernôch by de pleats fan Lomme Siebenga kaam. Dêr waard er opfongen en sittend op in fyts troch in pear manlju (wa?) nei hûs brocht. Mem hie fansels al útsjoen. Wêr bleau er no sa lang. Mar gelokkich dêr kaam er oan. Mar wat moasten dy oare manlju? Syn broeksbokse like wol wit te wezen. Hie er faaks yn de sleat sitten? Al gau die bliken wat der oan ‘e hân wie. In kûgel wie dwers troch it fleis fan ‘ e boppeskonk hinne gien.

HUIS
 
It hûs dêr ’t Heit en Mem (Rinskje Heida-Koopman, geb. 1910) destiids yn Gersleat Polder wennen.
Letter hawwe se dêr flak by in nije krudenierswinkel bouwe litten. Mem wennet no yn Heremastate yn It Hearrenfean.


Twa bluodderige plakjes lieten sjen wêr ’t de kûgel yn er út de skonk gien wie. In dokter wie net te berikken; buorlju hawwe holpen om heit te ferbinen en op bêd te krijen. No mar hoopje dat it goed komme soe. Mar de ûngerêstens bleau. Fansels, wêr wie pake….enne soenen de Dútskers ek noch ris om heit sykje kinne! Pake wie mei Ytsje, Joukje en mear buorlju, doe ’t it op é Aldewei gefaarlik waard, efter nei it tsjerkhôf flechte. Mar wylst der sketten waard, oeral gefaar wie, wie der in oar proleemke. Joukje, doe in pear jier âld, wie dy deis krekt jierdei. It wie foar har min te begripen dat hja gjin oandacht foar har jierdei krige Mar pake wist wol rie. Sittend op in grêfstien naam er Joukje op ‘e skerte en sa hawwe se dêr ‘Lang zal ze leven’ songen (troch krige fan Gretha Heida-Stobbe). Jûns waard it rêstiger en gienen hja foarsichtich wer op hûs oan. Pake kaam thús in flink gesketten hûs. Gatten yn ‘e liker sydmuorre. Yn de keamer in soad fernield. In kûgel troch de klok, mar hy run noch! Efter yn it bû tshús leine deade en ferwûne kij. Wat doe? Pakeg ie nei ús yn ‘e Polder ta. Dêr kaam er rinnend, wurch mar moedich oan. Fosfor, dat ljocht opjoech, op ‘e skuon. Dit wie my wol wat! Mar Pake wie der gau mei klear. ‘Wij binne no werf rij! Dêr moatte offers foar brocht wurde!’ Heit knapte gau wer op en ek by Pake kaam alles wer klear.

Siebren L. Heida

Sjoch ek: ‘Vier Dorpen één Streek, útjefte Stichting Streekboek Aengwirden, side 195 o.e.m. 234.